Kinderen
Literatuur
Afûk foarlêsmiddei
Prinsentuin
14.00-16.00 uur
Gratis
Komst ek (mei dyn bern) nei ús foarlêsmiddei yn de Prinsetún? Tusken 14.00 en 16.00 oere sille ferskate foarlêzers út it nije Tomke-boekje, it nije Keimpe-boekje of in oar moai Frysk berneboek foarlêze oan bern. Nei it foarlêzen kinst by de Afûk-winkel noch in kadootsje ophelje én alle bern kinne har dêr ferklaaie.
De foarlêsmiddei is net allinnich in ûnderdiel fan Uit in Huis, mar ek fan de Lês-mar-foar-wiken, dy’t plak fine fan 9 o/m 27 septimber. Yn dy perioade wurdt oeral yn Fryslân foarlêzen: thús, op de berne-opfang, by gastâlden en op skoallen. Yn de biblioteken binne yn dy perioade allegear leuke foarstellingen foar bern.
Foar alle leeftiden, mar spesjaal geskikt foar bern fan 2 o/m 8 jier.
Bekijk meer activiteiten